Minskesmokkelders oanhâlden

De Keninklike Maresjaussee hat moandei yn Ljouwert trije manlju arrestearre dy´t fertocht wurde fan minskesmokkel. It giet om in man fan 40, syn soan fan 19 en in man fan 47 jier. Se soenen by in Europeesk minskesmokkelnetwurk sitte.
Yn oare Europeeske lannen binne nochris 72 persoanen oanhâlden. It soe gean om de smokkel fan Irakeeske Koerden nei Skandinavië en Ingelân. Neffens justysje wie Nederlân benammen trochfierhaven foar it netwurk.