Delft wint prolooch solarrace

De prolooch fan de Fryske sinneboatrace is snein wûn troch it Delta_Lloyd-team fan de Universiteit fan Delft. De studinten fan de TU wiene al favoryt. Mei-elkoar 48 boaten dogge mei oan de sinneboatrace.
De sinneboatrace begjint moandei echt. Yn in wike tiid moatte de dielnimmers by de Fryske alve stêden del. Neist de prolooch wie der in sprintwedstriid oer 70 meter yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dy útslaggen bepale de startfolchoarder by de echte race.