Brân yn iiskiosk Appelskea

Oan de Boerestreek yn Appelskea is sneintenacht om 03.00 oere in iiskiosk yn de brân stutsen. De brân waard ûntdutsen troch foarbygongers. Dy hawwe ek oan it dwêsten west.
It die bliken dat de kiosk op ferskate plakken oan ´e bûtenkant yn ´e brân stie. Dêrtroch is it foar de plysje sa goed as wis dat der sprake is fan brânstifting.