Pepperspray brûkt by rúzje

© Omrop Fryslân
By in rúzje tusken buorlju yn Houtigehage hat de plysje sneontejûn tsjin ferskate minsken pepperspray brûkt. In man (47) út Houtigehage waard oanholden.
Earder wie in yllegale stjoerder fan de man yn beslach naam. In buorfrou soe de plysje tipt ha. Jûns waarden der bierfleskes nei har hûs smiten. De fertochte kaam oandraven en waard tsjinholden troch de plysje. Buorlju besochten de man frij te krijen. Tsjin har waard pepperspray brûkt.