Ungelok yn Easterwâlde

© Omrop Fryslân
By in ûngelok yn Easterwâlde is sneontemiddei in man (79) út De_Like ferwûne rekke. In autobestjoerder (19) út Easterwâlde ried oer de Weper rjochting Feanhuzen. Ut dy rjochting kaam de auto mei de bestjoerder út De_Like dy´t linksôf gong.Op de krusing botsten se op elkoar.
De man út De_Like kaam fêst te sitten yn ´e auto. De brânwacht hat him derúthelle. Hy is nei it sikehûs yn Grins brocht. Syn passazjiere hat foar kontrôle nei it sikehûs west.