Feiling garnalen foar boek

By de fiskôfslach yn Lauwerseach wurdt no tongersdei in partij garnalen feild foar in tinkboek dat makke is troch skoalbern út Wierum, Peazens en Sâltkamp. It boek wurdt útbrocht, omdat it 125 jier ferlyn is dat in grut part fan ´e fiskersfloat út Peazens yn in stoarm ferlern gie. Wierum belibbe in fiskersramp yn 1893.
Bern fan basisskoallen makken in boek mei tekeningen en gedichten oer de ramp. Omdat in sudsydzjejouwer him weromluts, is de feiling betocht.