Drachtster mei wapen op stap

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 28-jierrige Drachtster oanhâlden omdat er in fjoerwapen by him hie. In befeiligingsmeiwurker seach dat de man in wapen hie en skeakele de plysje yn.
Dy koe de fertochte gau fine, omdat der in goed sinjalemint wie. Hy hie in fjoerwapen en patroanen by him. De plysje brocht him nei it buro, dêr sit de fertochte noch foar fierder ûndersyk.