CNV docht Philips útstel

Philips soe syn distribúsjesintrum yn Drachten ferkeapje moatte oan in oar bedriuw yn de regio. Sa soene de aktiviteiten èn de wurknimmers bliuwe kinne. Dat foarstel hat it CNV freed oan de Philips-direksje dien.
Neffens Piet Fortuin fan it fakbûn wie de direksje net ôfwizend. Tongersdei waard bekend dat bij Philips Drachten de ferpakkingsôfdieling en in part fan de distribúsje febrewaris takom jier ferdwine, in ferlies fan goed 70 wurkplakken.