Bedriuw Ibis nei Koatstertille

© Omrop Fryslân
De ferhuzing fan lask en konstruksje bedriuw Ibis nei Koatstertille sil foar sa'n 50 minsken wurk opsmite. It bedriuw groeit sa hurd dat de lokaasje yn Warten al gau te lyts waard. Dêr wurkje no in 20 minsken.
De kar foar Koatstertille as lokaasje hat te krijen mei de lizzing oan it Prinses Margrietkanaal. De komst fan Ibis nei Kootstertille is in hiele opstekker foar de gemeente Achtkarspelen dy't drok dwaande is de werkleazens oan te pakken.