Kuierje mei filmkes

Minsken dy't kuierje wolle yn Noardeast Fryslân, kinne tenei de wei fine mei in firtuele reisgids. By de VVV yn Dokkum is in apparaatsje sa grut as in mobile tillefoan te hier dêr't ynformaasje te lêzen, te hearren en te sjen is oer de omjouwing.
Sa kinne minsken ûnder it kuierjen filmkes sjen oer de histoarje fan Noardeast Fryslân. It apparaatsje, ABEL, is ûntwikkele troch AOC Friesland.