Wurkleazens rint werom

De wurkleazens yn Noard-Nederlân rint hurder werom as yn de rest fan Nederlân. Yn Fryslân wie de delgong sels it grutst. Yn maart fan 2007 wiene der 21.000 wurksykjenden, dit jier wiene dat der 17.000 yn maart. Dat is in delgong fan goed 19 persint.
Yn de rest fan Nederlân sakke de wurkleazens ek, mar dêr net mear as mei 16,5 persint.