'Zelle' opnij op de planken

De suksesfolle foarstelling 'Zelle' fan Tryater komt opnij op de planken. Der wiene al twa útferkochte riges yn it eigen gebou fan Tryater, mar no sil der ek 16 kear spile wurde yn it nije teater yn Snits.
De haadrol yn it stik oer dûmny Zelle wurdt spile troch Freark Smink. Hy hat it stik ek skreaun.