Fryske kanon yn novimber ôf

© Omrop Fryslân
De Fryske kanon is sa goed as klear. It oersjoch fan de Fryske skiednis krijt yn totaal 42 finsters. De kanon wurdt op 11 novimber bekend makke oan de hân fan in boek en in spesjale website. Derneist sil der ek in spesjale bus ride mei dêryn in útstalling oer de Fryske skiednis.
Ek de musea en de biblioteken yn Fryslân sille oandacht besteegje oan de kanon. In spesjale kwis dy´t yn septimber út ein set moat de oandacht foar de kanon al wat oanswingelje.