Minder jild Fûns foar Fryslân

© Omrop Fryslân
It Oranje Fûns hat yn 2007 trije ton minder jild stutsen yn Fryske projekten as yn 2006. Yn totaal krigen 66 projekten jild fan it fûns. Byinoar gie it om 1 miljoen euro.
It measte jild yn Fryslân gie nei it projekt speeddaten foar flechtlingen fan Flechtelingewurk Fryslân. Dat projekt krige yn totaal 45.000 euro. Fierder wie der benammen jild foar it opknappen fan doarpshuzen en buertsintra.