Stellingwerven hâlde brânwacht

De brânwachtkazernes fan Appelskea en Skerpenseel gean net ticht, want dat giet ten koste fan de feiligens yn de streek. Ek ferdwine der dan safolle frijwilligers dat de frijwilligers dy´t oerbliuwe it fierste drok krije.
Oft de kazerne yn Alderberkeap iepen bliuwe kin, wurdt noch ûndersocht. De driigjende sluting fan de kazernes soarge foar in soad ûnrest en ferset.