Weening hopet op fjirde Tour

Pieter Weening hopet op de Tour
Pieter_Weening wachtet yn spanning op it berjocht fan syn ploechlieding fan de Rabobank oft er dit jier meidwaan mei oan de Tour_de_France. It soe foar de hurdfytser fan De Harkema syn fjirde Tour wurde.
Weening syn seizoen begûn troch in knibbelblessuere oan de lette kant. Mids maaie ried er foar it earst dit seizoen in grutte wedstriid. No hat er krekt de Dauphiné_Libéré riden en dat gie boppe ferwachting goed.