Raerd is Tsjom de baas

Op de tredde dei fan it Iepen Frysk kampioenskip jeu_de_pelote yn Easterlittens waarden twa wedstriden ferkeatst.
Raerd bleau Tsjom de baas mei 8-5, wylst Akkrum te folle flaters makke tsjin Lollum-Waaksens en dêrtroch ferlear mei 7-5. Jûn is Wjelsryp tsjin Mantgum de lêste wedstriid yn de foarrondes. Dêrnei binne der twa wedstriden yn de earste omloop, Baard tsjin Reduzum en Easterlittens tsjin Makkum.