Firefox 3 gelyk ek yn it Frysk

De 'fjoerfoks' is der ek yn it Frysk
De nijste ferzje fan de populêre ynternetbrowser Firefox is fuortendaliks ek beskikber yn it Frysk. Wim Benes en Hindrik Sijens út Ljouwert hawwe soarge foar de Fryske oersetting.
Firefox 3 is feiliger as de foargongers en hat boppedat ynboude sykmasines. Ek funksjes as wurdboeken en RSS binne maklik ta te heakjen oan de nije Firefox. De Fryske Firefox is ta stân kommen sûnder finansjele bijdrage fan de provinsje.