Minder tolerânsje azc Drachten

It Drachtster asylsikerssintrum
De tolerânsje foar it azc yn Drachten ûnder de ynwenners fan dat plak soe oer de lêste tsien jier de helte lytser wurden wêze. Fierders wurdt by de doar fan hoarekasaken yn Fryslân noch hieltiten diskriminearre. Dat docht bliken út in ûndersyk fan earstejiers studinten oan ´e NHL.
De ûndersiken binne tiisdeitemiddei presintearre op in troch de studinten organisearre multikulturele manifestaasje.