Doarpen wolle brede skoalle

De basisskoallen yn Akkrum en Grou hoopje noch hieltyd op twa brede skoallen. Troch jildkrapte wol it kolleezje fan Boarnsterhim yn beide doarpen no nije skoallen bouwe, dy ´t letter nochris út te wreidzjen binne ta brede skoallen.
De brede skoallen wurde dus op de lange baan skood en de gemeenterie sil der oan ´e ein fan de middei oer prate.