Húskes Alde Feanen krije rioel

Tritich fakânsjehúskes en wenskippen yn de Alde Feanen litte meikoarten it ôffalwetter net mear yn ´e natuer rinne. De adressen wurde oansletten op it rioelstelsel. De oanlis fan ´e riolearring begjint kommende tongersdei offisjeel.
Deputearre Schokker en wethâlder Van_der_Meulen fan Boarnsterhim jouwe it startsein foar de oanlis. It wurk moat fan ´t hjerst klear wêze.