10de Jeu de Pelote begûn

Yn Easterlittens is moandeitejûn de tsiende edysje fan it Frysk kampioenskip Jeu de Pelote, oftewol Belgysk keatsen, út ein setten. De wedstriid is op it plein yn it doarp.
Op de earste jûn waarden trije partijen keatst. Winsum hie gjin muoite mei Rie. It waard 8-2. Weidum bleau Jorwert de baas mei 6-4. Spannend wie it tusken Frjentsjer en Tsjummearum. Uteinlik pakte Tsjummearum by 7-7 en 6-4 it lêste spul en wûn dus mei 8-7.