Aptekers fiere aksje

De apteek yn Wolvegea wie ek sletten
In tal Fryske aptekers fierde moandei aksje tsjin it kabinetsbelied wêrby´t se ferplichte wurde de goedkeapste medisinen te ferkeapjen. Dat soe sa te´n koste fan de marzje gean, dat de ynkomsten ûnder druk komme te stean.
De aptekersorganisaasje KNMP ôfdieling Fryslân ferwachtet dat troch dizze maatregel aptekers fallyt en ticht gean. Om dúdlik te meitsjen dat de aptekers it net iens binne mei it oerheidsbelied wie in tal Fryske apteken middeis 2 oeren ticht.