Militêren oefenje op Flylân

foto: Jan Houter
Oefenbasis De_Flyhors op Flylân is foar dizze wike omtovere ta rampgebiet lykas Birma. Militêren fan it 101ste sjenybataljon bouden moandei in tintekamp om flechtlingen op te heinen. It tintekamp makket diel út fan in gruttere oefening dy´t al in pear dagen op ferskate plakken hâlden wurdt yn it noarden fan Nederlân.
Wat de tintebouwers net witte is dat der ek nochris tachtich boatflechtelingen oanspiele. Oan ´e oefening op Flylân dogge tachtich militêren mei.