KV Drachten degradearret

De kuorballers fan Drachten lizze nei ien seizoen alwer út de haadklasse. Yn de twakamp tsjin SCO spilen de Drachtsters sneon yn Aldeholtpea mei 17-17 lyk. Mar om't SCO in wike earder yn Drachten mei 12-7 wûn hie, is Drachten degradearre.
SCO is takom seizoen foar it fjirde jier op rige op it heechste nivo aktyf en is de iennichste Fryske ploech yn de haadklasse.