Jouster mishannele

In ynwenner (28) fan De Jouwer is sneontemoarn betiid ûnder it bloed oantroffen yn in tún by in wenning oan de Skou yn syn doarp. It slachtoffer ferklearre dat syn jas earder yn de nacht stellen wie.
Op wei nei hûs seach de Jouster in jonge op in fyts, mei nei alle gedachten syn jas. It slachtoffer spruts de jonge oan, mar syn freonen kamen der ek by. Dêrop gie it slachtoffer der fan troch. Hy waard ynhelle en mishannele troch de jonges.