Iepenloft Dronryp rint goed

© Omrop Fryslân
De foarstelling Amadeus fan it iepenloftspul yn Dronryp fan sneon 28 juny is folslein útferkocht. Dat betsjut dat alle 450 kaarten al fuort binne. Foar de oare fjouwer foarstellings binne noch wol folop kaarten te krijen.
De premjêre wie ôfrûne woansdei. It is de earste kear dat it stik Amadeus yn it Frysk yn de iepenloft spile wurdt. Regisseur Karin Idzinga hat spesjaal foar Dronryp it orzjinele Ingelske stik fan Peter Shaffer bewurke.