Burgumer fertocht fan ûntucht

In 34-jierrige man út Burgum is ôfrûne woansdei troch de plysje oanhâlden omdat er fertocht wurdt fan ûntucht mei in famke fan 6 jier. De man sil moandei foarlaat wurde oan de rjochter-kommissaris. Dan sil it Iepenbier Ministearje freegje om de man twa wike langer fêst te hâlden.
De basisskoallen De Reinbôge, De Arke en 't Partoer hawwe ûndertusken alle âlden in brief oer de saak stjoerd. De plysje ûndersiket oft de man noch mear bern lêstich fallen hat.