Mear tiid foar pasjinten nimme

© Omrop Fryslân
Dokters moatte mear tiid oer hawwe foar harren pasjinten. Pasjinten binne mûniger en better op 'e hichte as eartiids. Se helje hieltiten faker ynformaasje oer syktes en behannelings fan ynternet. Net eltse arts of pasjint wit dêr goed mei om te gean.
Dit probleem kaam nei foaren by in debat yn it MCL yn Ljouwert oer de ferhâldings tusken pasjinten en dokters. Dy gearkomsten wurde rûnom hâlden en moatte liede ta in advys oan minister Klink fan folkssûnens.