Skûtsje slacht om by Offenwier

© Omrop Fryslân
Op de Snitsermar is earder freedtemiddei in skûtsje omslein. It ûngemak die him foar by De Potten by Offenwier. Oan board wienen fjirtjin minsken. Under harren wiene ek fjouwer bemanningsleden. Se binne allegearre út it wetter kaam.
In tal fan harren wie wol ûnderkuolle en is dêrom ûnder de waarme dûs set. Hoe't it skûtsje krekt omslaan koe is noch net bekend.