Wer simmeriis yn Thialf

De kommende trije wiken kin der wer riden wurde yn Thialf. Foar de achtste kear op rige hat Thialf ek yn de simmer iis. It iisstadion brûkt it simmeriis ek om in tal saken út te testen. Sa wurdt besjoen oft de nije loftbehannelingsynstallaasje goed wurket, dat jildt ek foar sensoaren dy't oanjouwe hoe't de tastân fan it iis is.
Sneon 14 juny kin der foar it earst riden wurde op Thialf. Dat kin oant en mei sneon 5 july.