Inia aktyf by Spanje-Sweden

Assistint-skiedsrjochter Adriaan_Inia fan Gytsjerk komt sneon opnij yn aksje op it Europeesk kampioenskip fuotbal. Hy sil skiedsrjochter Pieter_Vink assistearje by de wedstriid Spanje-Sweden. Dat is in topper yn groep D, want beide lannen wûnen harren earste wedstriid.
Earder dit toernoai wie Inia al aktyf by de wedstriid tusken Eastenryk en Kroaasje.