Molke-aksjes foar de rjochter

Rjochter moat útspraak oer aksjes dwaan
Friesland_Foods wol dat de rjochter de DDB, de Dutch_Dairymen_Board, ferbiedt nije blokkades te begjinnen by molkfabriken. It bedriuw easke dat yn in koart pleit foar de rjochtbank yn Haarlem. Friesland_Foods fynt dat de diskusje yn it bestjoer fierd wurde moat en net op ´e dyk.
DBB seit dat it bedriuw wegeret te praten oer in hegere molkpriis en dus wol ta aksje oergean moast.