'Ferkeap ynternet kin better'

Fryske ûndernimmers kinne folle mear produkten ferkeapje troch de mooglikheden fan it ynternet better te brûken. De websiden ûntbrekke of binne fan minne kwaliteit. Dat seit Schelte_Meinsma fan it ynternetmarketingbedriuw Bekent fan It Hearrenfean.
Undernimmers witte faak net hoe´t se bygelyks in sykmasine as Google brûke kinne om minsken nei harren webside te krijen. Op dy wize rinne se hûnderten klanten mis.