Frou De Graaff-Nauta ferstoarn

Dieuwke de Graaff-Nauta
Ald-politika Dieuwke_de_Graaff-Nauta út Snits is tiisdei op 78-jierrige leeftyd ferstoarn. Dat hat de famylje bekendmakke. De_Graaff-Nauta wie foar it CDA steatssiktaris fan Ynlânske Saken yn twa kabinetten Lubbers en ek koart minister fan Ynlânske Saken.
Foardat se aktyf waard yn de lanlike polityk wie se ûnder oare deputearre yn Fryslân en wethâlder fan Snits. Op lettere leeftyd sette se har yn foar de Fryske taal en kultuer.