Feiliger farre by Akkrum

Troch de ferbettering fan de farferbining tusken Grou en Akkrum is it yn Akkrum safolle drokker wurden mei boatsjes, dat maatregels nedich wiene.
By de oansluting fan de Boarn op de Meinesleat ûntstiene geregeld ûnoersichtlike sitewaasjes om´t der tefolle boatsjes op te smel wetter farre. De provinsje hat dêrom by de Meinesleatbrêge mear romte makke troch 8000 kúb grûn fuort te graven.