Ljouwert moat populêrder wurde

© Omrop Fryslân
Der moat in kampanje komme om Ljouwert bekender en populêrder te meitsjen yn de rest fan it lân. Dat fynt it promoasjeburo Expeditie_Leeuwarden.
It docht bliken dat eveneminten en oare festiviteiten yn ´e stêd foaral Ljouwerters en minsken út de provinsje lûke. It ôfrûne jier wiene dat hast trije miljoen. Mar om ek toeristen út de rest fan it lân foar Ljouwert te ynteressearjen, is der mear jild nedich fan provinsje en ûndernimmers, mar ek fan ´e gemeente.