Bus moat wer ride yn spits

© Omrop Fryslân
De rjochter yn Grins hat tiisdeitemiddei bepaald dat de bussjauffeurs fan tongersdei ôf wer ride moatte yn de spits. De Noardlike provinsjes en reizgersferiening Rover hiene dat easke. De bussen moatte fan tongersdei ôf wer ride tusken 7.00 en 9.00 oere moarns en 16.00 en 19.00 oere jûns.
Bussjauffeurs ride al tsien dagen hielendal net mear, nei´t sy earder ek al prikaksjes hâlden foar in bettere cao.