Motorrider slim ferwûne rekke

In 23-jierrige motorrider út Aldeberkeap is moandei swier ferwûne rekke doe´t er op in frachtwein klapte. De man ried op de Yndustrywei yn Wolvegea en woe de frachtwein ynhelje. Krekt op dat stuit sloech de bestjoerder (35) fan ´e frachtwein linksôf.
De motorrider is mei slimme ferwûnings mei in traumahelikopter nei it sikehûs fan Grins oerbrocht.