Snitsers leare brân foarkommen

Sawat 75 bewenners fan hierhûzen yn de Stadsfenne yn Snits krije no tongersdei tips foar it foarkommen fan brân. Yn soarchsintrum Frittemahof yn Snits wurdt dan in ynformaasjejûn organisearre troch wenningstifting De_Wieren.
Op ´e jûn komme sprekkers oan it wurd fan plysje en brânwacht. Fierders sille der ek demonstraasjes jûn wurde mei in blustekken. Alle oanwêzigen krije ek sa´n tekken mei nei hûs.