Noch kaarten foar Slachte

Kuierders by de Slachtebrêge (2004)
Op ynternet wurde seker tusken de hûndert en twahûndert kaarten te keap oanbean foar de Slachtemaraton. Se stean op Marktplaats, mar ek op ´e side fan it Fryske Gea en ´e side fan ´e Slachtemaraton sels.
Earder wiene de 13.000 startkaarten yn trije oeren allegear útferkocht. In soad gadingmakkers moasten doe teloarsteld wurde. De kaarten wurde oer it generaal ferkocht foar de kostpriis.