'Toerismebrief skealik'

© Omrop Fryslân
De besuniging fan 6 miljoen euro fan it kabinet op promoasje fan Nederlân by toeristen is hiel skealik foar Fryslân. Dat seit direkteur Paul_van_Gessel fan Fryslân_Marketing. Moandei hat steatsiktaris Heemskerk de saneamde Toerismebrief presintearre.
It Nederlânsk Buro foar Toerisme krijt jiers 6 miljoen euro minder. Fryslân makket foar bûtenlânpromoasjes in soad gebrûk fan de tsjinsten fan it buro. Van_Gessel wol ferhaal helje by de Twadde Keamer.