Van der Veen út PvdA-fraksje

Mariëtte_van-der_Veen stapt út ´e steatefraksje fan de PvdA. Sy hat it te drok mei har baan as maatskiplik wurker. Van_der_Veen is sûnt maart 2007 lid fan ´e fraksje. De ôfrûne tiid fûn Van_der_Veen it dreech de polityk mei har wurk te kombinearjen.
No´t sy har takepakket as maatskiplik wurkster útwreidet, sjocht sy gjin kâns mear yn de fraksje te bliuwen. Op 25 juny sil Van_der_Veen opfolge wurde troch Pieter_Jonker fan Easterwâlde.