Op syk nei âlde manlju

© Omrop Fryslân
Sa'n acht mannen hawwe freed meidien oan de audysjes foar in rol yn it koar fan it stik 'Twee oude vrouwtjes'. Dit stik fan de Vlaamske teatermakker An de Donder en komponist Domique Pauwels wurdt opfierd by it Frysk Festival yn augustus.
De makkers fan it stik sochten al in skoftsje nei fjouwer âlde manlju. Se sochten eins sjongtalint fan boppe de 75 jier, mar dat slagge net. De grins waard doe ferlege nei 60-plus.