Falske jildaksje yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje warskôget ynwenners fan Ljouwert foar minsken dy't in falske ynsammelingsaksje hâlde. It is fannewike in pear keard gebeurd dat in bern of in man oanbelle by minsken yn in fersoargingsflat. Der waard dan frege om jild foar de bou fan in skoalle foar handikapten.
Wylst de bewenner om jild socht, hâlde de fertochte yn de gaten wêr't it jild weikaam. Neidat de fertochte ferfolgens ek noch om in glês wetter frege waard it jild stellen.