Frjentsjer bliuwt Franeker
De gemeente Frjentsjerteradiel fiert nei alle gedachten Frysktalige plaknammen yn, mar de namme fan it haadplak bliuwt Franeker. In moasje fan de PvdA helle tongersdeitejûn in mearderheid yn de gemeenteried.
De gemeente ûndersiket de kommende tiid wat de konsekwinsjes binne fan de ynfiering fan de Fryske plaknammen. De nammen wurde nei alle gedachten yn 2010 feroare.