Flinter oarsaak ûngelok

In 61-jierrige frou út Ryptsjerk is woansdei op de Lauwersseewei by Rinsumageast ferwûne rekke by in ûngelok.
De frou waard ôflaat troch in flinter by har yn de auto en ferlear dêrtroch de macht oer it stjoer. Se rekke yn de sleat en is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Dokkum brocht.