Mear ambulânses yn Fryslân

Fryslân krijt twa ekstra sike-auto´s. Dat hat minister Klink fan folkssûnens sein. Ut in rapport fan it RIVM docht bliken dat der ferlet is fan mear ambulânses. Dat komt omdat se no net altiten op ´e tiid te plak wêze kinne.
Neffens de noarm moat 97% fan de sike-auto´s der binnen tolve minuten wêze. Foaral yn plattelânsgebieten lykas Fryslân wurdt dy noarm net helle. Dêrom hat Klink besletten dat der mear ambulânses komme.