Provinsje wer baas oer Frysk

De Fryske taal is wer yn hannen fan de provinsje Fryslân. It Ryk dat oant no ta de baas oer it Frysk wie, hat de taak oerdroegen oan de provinsje. Dat is fêstlein yn in bestjoersakkoart.
Neist it Frysk binne der nochris goed tweintich taken dy´t Fryslân no fan Den_Haach oerdroegen krijt. Mei it Frysk is de provinsje wol it meast tefreden. It Ryk stekt alle jierren 4,5 miljoen euro yn ´e Fryske taal, benammen yn taalûnderwiis.