Grutte skea troch boere-aksjes

Blokkade by molkfabryk Gerkeskleaster
De aksjes fan de Dutch_Dairymen_Board hawwe foar grutte skea soarge by Friesland_Foods en de rest fan de suvelyndustry. Dat seit bestjoersfoarsitter Sybren_Attema fan Friesland_Foods. It ôfrûne wykein blokkearren DDB-boeren molkfabriken as protest tsjin de lege molkpriis. Oare boeren koene doe ek gjin molke mear leverje oan ´e suvelfabriken.
De blokkades binne troch de rjochter ferbean. Friesland_Foods is no dwaande de skea te ynventarisearjen.